lêsprojekt

Lêsprojekt
Jou my de romte!

Groep (6) 7 en 8

Jou my de romte! is in oangripend lêsboek oer pesten. De byhearrende lesbrief biedt oanlieding foar weardefolle petearen oer freonskip yn de klasse.

Lêsboek

Yn it boek ‘Jou my de romte!’ skriuwt Anno oer syn jier yn groep 7. It wie in rotjier. Hy waard pest en troch al syn klasgenoaten yn ‘e steek litten. Wat langer it duorre, wat slimmer it waard. Hoe moat er dêrmei omgean? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy’t ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan…

It boek bestiet út twa dielen. Yn it earste part fertelt Anno sa’t it gien is. Hoe’t it misgie en hoe’t it hieltyd minder gie. Op ‘e helte fan it boek giet it fierder yn in oar lettertype. Dat is it diel sa’t Anno graach wolle soe dat it fierder gien wie. In ferhaal dat goed ôfrint. Want foar alles is in oplossing, pesten kinst echt ophâlde litte.

Please wait while flipbook is loading. For more related info, FAQs and issues please refer to DearFlip WordPress Flipbook Plugin Help documentation.

ynsjocheksimplaar fan it boek

Lesbrief

It boek komt ekstra ta libben troch de aktiviteiten út de bybehearrende lesbrief. De aktiviteiten jouwe oanlieding om inoars kwaliteiten te beneamen, mar ek om te ûnderfinen wat de reaksje fan oaren betsjut foar dyn dwaan en litten. Filosofearje bygelyks mei de learlingen oer fragen as ‘moatst peste fertelle?’ en ‘wat binne freonen?’.

Foarbyldopdracht

Filosofearje mei de learlingen oer pesten. Watfoar gedachten komme der op by dizze fragen? En watfoar bylden komme der boppe troch it gedachte-eksperimint?

Tip: gean mei-inoar yn ‘e rûnte sitten. Dat soarget foar in iepen sfear en befoarderet it petear.

Yn it koart

  • Geskikt foar groep (6,) 7 en 8
  • Leechdrompelich oan de slach mei de Fryske taal
  • Slút oan by de kearndoelen oer boargerskip en oriïntaasje op dysels en de wrâld
  • Filosofearje en reflektearje
  • Wurkje oan 21-ieuwske feardichheden

Skoallen oer Anno N.

‘Juf, wij willen hem wel helpen, want hij is zelf ook gepest!’

Sanne út groep 5 oer Anno

Meld jim skoalle fergees oan!

It pakket bestiet út in lesbrief en foar alle learlingen in lêsboek.