it ferhaal

It ferhaal fan Anno N.

Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn ’e steek litten en it pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Anno rekket frustrearre en begiet dêrtroch in misstap. In mistap mei grutte gefolgen…

Anno N. fersus skoalbern

Op de earste dei fan de escape(class)room komme de learlingen der fia in ekstra live-útstjoering fan it F-nijs êfter dat de gefaarlike ynternetkrimineel Anno N. niiskrekt út de finzenis ûntsnapt is. It docht bliken dat Anno N. wraak nimme wol. Wraak op de learlingen, leraren en direkteuren fan alle basisskoallen. Dêrom set hy alle skoallen trije dagen op slot. Hy hackt û.o. it digiboerd en set it boartsguod achter slot en grendel. It is no tiid dat learlingen fiele wat hy fielde doe’t hy bûtensletten waard en net boartsje koe mei it boartersguod dêr’t hy sa graach mei boarte.

Troch goed gear te wurkjen soargje de learlingen  fan groep 1 o/m 8 derfoar dat alle problemen oplost wurde en Anno N. wer achter de traaljes komt. Oan de ein fan de trije dagen rekkent de plysje Anno wer yn en komt hy opnij yn de finzenis.

Jou my de romte!

De ynset fan de learlingen tidens de escape(class)room set Anno oan it tinken. Wat prachtich om te sjen hoe’t der gearwurke wurdt! As hy it yn it ferline, tegearre mei de oare learlingen út syn eigen klasse oars oanpakt hie, hoe wie’t it dan ôfrûn? Wylst hy dêroer neitinkt yn de finzenis, skriuwt er in boek foar de learlingen fan groep (6,) 7 en 8.

It boek ‘Jou my de romte!’ dat Anno skriuwt, bestiet út twa dielen. Yn it earste part fertelt er sa’t it gien is. Hoe’t it misgie en hoe’t it hieltyd minder gie. Op ‘e helte fan it boek giet it fierder yn in oar lettertype. Dat is it diel sa’t Anno graach wolle soe dat it fierder gien wie. In ferhaal dat goed ôfrint. Want foar alles is in oplossing, pesten kinst echt ophâlde litte.

Skoallen oer Anno N.

‘Mei ik noch in boek, foar myn nichtsje? Dy is 11 en wurdt ek pest, sy fynt dit fêst in moai boek.’

Djamila út groep 7

‘Juf, wij willen hem wel helpen, want hij is zelf ook gepest!’

Sanne út groep 5 oer Anno

Meld jim skoalle fergees oan!