escaperoom

Escape(class)room
Anno N. fersus skoalbern

Groep 1/m 8

Slagget it de learlingen om yn de spannende escape(class)room út de greep fan Anno N. te kommen? Troch mei inoar puzels op te lossen en koades te kreakjen wurde de learlingen har bewust fan harsels en de (gearwurking mei) oare learlingen.

Ferhaalline

Op de earste dei fan de escape(class)room komme de learlingen der fia in ekstra live-útstjoering fan it F-nijs êfter dat de gefaarlike ynternetkrimineel Anno N. niiskrekt út de finzenis ûntsnapt is. It docht bliken dat Anno N. wraak nimme wol. Wraak op de learlingen, leraren en direkteuren fan alle basisskoallen. Dêrom set hy alle skoallen trije dagen op slot. Hy hackt û.o. it digiboerd en set it boartsguod achter slot en grendel. It is no tiid dat learlingen fiele wat hy fielde doe’t hy bûtensletten waard en net boartsje koe mei it boartersguod dêr’t hy sa graach mei boarte.

Helpers mei wite petten

De learlingen gean mei de saneamde ‘helpers’ de striid oan mei Anno N. om him werom de fenzenis yn te krijen. Trije dagen êfter inoar moatte de learlingen de hacks fan Anno N. oplosse om de skoalle en harrensels te befrijen. Dêrmei wurdt bewezen dat pesten liede kin ta misdie en dat gearwurking liedt ta frijheid.

Programma fan trije dagen

It programma bestiet út trije mominten fan ûngefear in oere. Dizze mominten fine yn ien wike plak op trije oan-ien-slutende dagen. Elts momint wurdt ynlaad en ôfsletten mei in útstjoering fan it F-nijs.

De earste twa dagen wurdt it programma yn de eigen klasse útfierd en op dei 3 folget de grutte ûntknoping. Hjirfoar moatte de antwurden fan álle klassen by inoar komme om ien mienskiplike puzel op te lossen. Dêrmei komt de skoalle definityf út de greep fan Anno N.

ProgrammaYnhâldOrganisaasje
Dei 1
60 minuten
Fideo en ynstruksje
Puzelopdrachten
Koadewurd en fideo
Yn de eigen groep
Dei 2
60 minuten
Fideo en ynstruksje
Puzelopdrachten
Koadewurd en fideo
Yn de eigen groep
Dei 3
60 minuten
Fideo en ynstruksje
Puzelopdrachten
oadewurd en fideo
Groepstrochbrekkend
(mei de hiele skoalle)

Geskikt foar de hiele basisskoalle

De escape(class)room is geskikt foar groep 1 o/m 8 en wurdt op trije nivo’s oanbean; ûnder-, midden- en boppebou. It programma kin as kant-en-klearpakket brûkt wurde troch basisskoallen, mar de byhearrende opdrachten kinne ek op maat oanpast wurde.

Yn it koart

  • Geskikt foar groep 1 o/m 8
  • Ien mienskiplike belibbing op trije nivo’s
  • Gearwurkje yn ‘e klasse én mei oare klassen
  • Ynteraktyf en fakoerstiigjend
  • Leechdrompelich oan de slach mei de Fryske taal

Tema’s

  • Underbou: mei-inoar boartsje, diele én gearwurkje
  • Middenbou: ynsicht yn it eigen gefoel en dat fan in oar, gearwurkje en oerlizze
  • Boppebou: ynsicht yn it eigen gedrach en de gefolgen foar oaren, gearwurking en neisteleafde

Meld jim skoalle fergees oan!

It pakket bestiet út hantliedingen, kopiearblêden en in digiboerdapplikaasje.