Oan ‘e slach
Mei-inoar, net allinnich! Gean mei de hiele skoalle en yn ‘e klasse oan ‘e slach mei de escape(class)room of it lêsprojekt.
Escape(class)room
Anno N. fersus skoalbern
Programma foar 3 dagen mei de hiele skoalle (groep 1 o/m 8)
Downloade
Foar it programma hast alle materialen nedich!
- Hantlieding ûnderbouw
- Hantlieding middenbouw
- Hantlieding boppebouw
- Kopiearblêden ûnderbouw
- Kopiearblêden middenbouw
- Kopiearblêden boppebouw
- Foarbyldbrief âlders
Tariede
Plan it programma op 3 opienfolgjende dagen (tip: moarns) en slút oan by in fak (tip: Frysk of kanjertraining) of bysûnder momint.
Lit ien kollega it programma oanstjoere. Lit alle kollega’s harren yn it programma ferdjipje en de spultsjes foar de eigen groep tariede.
Freegje ekstra helpers (wite petten) foar alle groepen (tip: stazjears of âlders).
Bring âlders op ‘e hichte mei de foarbyldbrief. It tema pesten kin yndruk meitsje.
Utfiere
Start alle 3 dagen mei alle kollega’s/helpers. Nim it programma troch en meitsje dúdlike ôfspraken.
Evaluearje
Slút alle 3 dagen ôf mei in koart neipetear mei de learlingen en de kollega’s. It tema pesten kin yndruk meitsje! En hoe gie it mei it Frysk?
Lit it programma oanlieding wêze foar mear omtinken foar de sosjaal-emosjonele ûntwikkeling en de Fryske taal!
Lêsprojekt
Jou my de romte!
Programma foar de boppebou (groep 6 o/m 8)
Utfiere
Lês sels it lêsboek en nim de lesbrief troch. Kies in tal opdrachten dy’t passe by dyn klasse.
Lit de learlingen it lêsboek lêze (tip: mei de audioferzje is Frysk lêze ienfâldiger).
Praat mei de learlingen oer it lêsboek en it tema pesten. Brûk dêr de lesbrief by.
Wy helpe dy graach!
Belje de Afûk op 058 234 30 70 of stjoer in e-mail nei annon@afuk.frl.